Hearrenfean-shirt stellen

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
By in ynbraak yn in parkearde auto yn Easterwâlde is in sinjearre shirt fan SC Hearrenfean stellen. It giet om in shirt fan tsien jier âld mei de hantekens fan de spilers derop dy't doe yn it earste alvetal aktyf wienen. It shirt waard tongersdeitenacht stellen.
Der waard doe ek noch yn twa oare parkearde auto's yn Easterwâlde ynbrutsen. Ut dy auto's waard ûnder oare ark meinaam.