Thomaslieden mei kuiertocht

30 des 2011 - 16:45

It Frysk kampioenskip St. Thomaslieden yn Aldehoarne is by de jongerein wûn troch de 17- jierrige Wilmer Porte út Ketlik. By de senioaren wie Sibbe Jan Noppert fan de Jouwer de bêste. Der wiene sechstjin dielnimmers.

It kampioenskip wie dit jier yn kombinaasje mei de St.Thomaskuiertocht dy't mear as seishûndert dielnimmers luts. Sa hopet de organisaasje mear belangstelling foar it Thomaslieden te krijen. De jeugd is dreech te rissen foar de tradysje. De keunst is om de twa klokken yn de klokkestoel harmonieus klinke te litten. It gebrûk stamt út de midsiuwen tsjin boaze geasten.

Trefwurden: 
Thomaslieden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)