Sjoerd de Vries fyfde

© awfoto.nl
Sjoerd de Vries is freed fyfde wurden op de twadde 500 meter by it Nederlânsk kampioenskip sprint yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Syn tiid wie 35.45. Winner waard Michel Mulder yn 35.07. Otterspeer, Smeekens en Ronald Mulder bleaunen Sjoerd de Vries ek foar. Jesper Hospes ried in tiid fan 35.64 en waard tsiende.
Yn it klassemint nei trije ôfstannen stiet Hein Otterspeer noch earste. Sjoerd de Vries stiet tredde en moat op de lêste 1000 meter 1.62 goedmeitsje. Jesper Hospes stiet alfde..