Oenema wint 500 meter

30 des 2011 - 15:19

Thijsje Oenema hat freed de twadde 500 meter op it NK sprint wûn. Mei in tiid fan 38,31 liet de Jouster Margot Boer fan Goaiïngaryp achter har. Boer kaam ta in tiid fan 38,40. Annette Gerritsen waard tredde yn 38,60.

Yn it klassemint giet Boer noch wol oan de lieding. Se hat in foarsprong fan 0,31 op Thijsje Oenema. Letter freedtemiddei is de ôfslutende 1000 meter en wurdt de kampioene bekend.

(advertinsje)