Himptylder hieltyd krimineler

30 des 2011 - 14:51

De himphannel kriminalisearret en wurdt hieltyd hurder. Dat seit plysjewurdfierder Anne van der Meer. Omwenners binne benaud foar kriminelen en it risiko op brân is ek grut. De plysje hat dit jier hûndert tips oer himpplantaazjes krigen fan boargers dy't dêr net gerêst op binne.

Mei it oprôljen fan in plantaazje fan 3000 planten yn Hurdegaryp hat de plysje de kriminele organisaasje dêrachter in grutte klap tabrocht. Dochs ferwachtet de plysje takom jier noch mear en ek gruttere kwekerijen te finen. Der binne dit jier 250 kwekerijen oprôle, tsjin 188 ferline jier.

De himpkwekerij yn Hurdegaryp is mei trijetûzen plantsjes de grutste oant no ta.

Trefwurden: 
himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)