Weromsjen: ûntplofte kemper

30 des 2011 - 14:34

Kees en Klaasje Moorlag fan Kollumersweach belibben ein septimber in hachlik avontoer. De VUT-ers hiene in nije kemper kocht. Dy stie noch mar amper in dei by harren op de oprit doe't it misgie. Kees woe de kuolkast, dy't op gas wurke, útteste. Mar de saak ûntplofte. As troch in wûnder oerlibbe de man it ûngelok, mar hoe is it no mei it stel? Wy sjogge mei harren werom.

Trefwurden: 
kemper weromsjen
(advertinsje)