Bylden stellen by De Tynje

06 maaie 2013 - 16:00

Ut de tún fan galery La Lanka by De Tynje binne tolve bylden stellen. Dy hawwe mei-inoar in wearde fan sa'n 60.000 euro. De bylden stiene sneontejûn noch yn de tún oan De Warren. Sneintemiddei ûntduts de galeryhâlder dat se stellen wiene.

It is noch net dúdlik hoe't de bylden krekt meinaam binne. De plysje docht ûndersyk nei de saak en freget oan tsjûgen om har te melden.

Trefwurden: 
bylden tún De Tynje galery
(advertinsje)