10 miljoen kilo oaljekoekmoal

30 des 2011 - 12:34

Moalfabryk Koopmans yn Ljouwert ferkeapet alle jierren mear moal foar oaljekoeken. Yntusken ferkeapet it bedriuw mear as tsien miljoen kilo moal allinnich foar oaljekoeken. Koopmans is it twad grutste moalfabryk yn Nederlân. De lêste wiken fan it jier binne it drokste foar it bedriuw, omdat yn desimber in soad krystbôle, sûkerbôle en oaljekoeken iten wurde.

Koopmans seit dat de kwaliteit fan it moal goed is. In soad bakkers dy't goed skoare yn de oaljekoektest fan it AD helje it moal by harren wei.

Trefwurden: 
oaljekoeken Koopmans
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)