ID-kaart:lêste dei foar 9 euro

30 des 2011 - 12:13

Freed wie de alderlêste dei dat it mooglik wie om in ID-kaart foar bern oan te freegjen foar it lege taryf fan 9 euro 20. Takom jier kostet de kaart op de measte plakken 30 euro.
In soad minsken hawwe sa'n ID-kaart nedich, omdat it takom jier net mear tastien is om oer de grins te reizgjen mei de bern yn it paspoart fan de heit of mem.

Yn Ferwert wie it gemeentehûs freedtemoarn ekstra iepen. Sa'n 20 minsken makken gebrûk fan de mooglikheid om in kaart oan te freegjen foar it lege taryf fan 9 euro 20.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)