Dochs wer plaat Hepie en Hepie

30 des 2011 - 11:37

Hepie en Hepie nimme dochs wer in nij nûmer op. Dat hawwe se freed by Omrop Fryslân bekend makke. Yn febrewaris gean se de studio yn. De single komt dan yn de maitiid út. Ofrûne septimber brocht it sjongduo de lêste single 'Ik geloof in jou en mij' út. Dat nûmer kaam doe op nûmer 85 binnen yn de Mega Top 100.

Heal oktober is ek noch in album fan de sjongeressen útkaam. Dêr stean de grutste hits fan de twa op. Hepie en Hepie hawwe goed tritich jier mei elkoar songen.
Se giene wol faker útinoar en kamen dan dochs wer byinoar.

Trefwurden: 
Hepie en Hepie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)