Personiel pakt skuondief

30 des 2011 - 10:08

Nei in flinke achterfolging hat it personiel fan in skuonwinkel oan de Nijstêd yn Ljouwert tongersdei in dief oanhâlde kinnen. De 30-jierrige dief sûnder fêst wenplak naam in pear skuon mei. Personiel seach dat en hâlde de man bûten de winkel oan. Hy waard lilk en naaide út. Mei help fan omstanners koe de man op de Willemskade pakt wurde.

De warskôge plysje naam de man mei nei it buro. Dêr die bliken dat hy as net-winske fremdling yn Nederlân is.

Trefwurden: 
winkeldief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)