Nije himpfertochte oanhâlden

De plysje hat tongersdei opnij in fertochte oanhâlden nei oanlieding fan de himpplantaazje dy't dy deis oprôle waard yn Hurdegaryp. De man is oanhâlden om't by syn bedriuw yn Westergeast in stellen trekker oantroffen waard.
De plysje kaam de plantaazje yn in pleats op it spoar om't se sochten nei in stellen frachtwein út Noard-Hollân. Op de frachtwein stiene konteners mei dêryn seis minytrekkers. Yn totaal binne yn dizze saak no acht minsken oanhâlden. De himp hat in strjitwearde fan 700.000 euro.