Helte oaljekoeken masinaal

It bedriuw V-technology út Snits sit dizze wiken yn de drokste perioade fan it jier. It bedriuw makket nammentlik oaljekoekmasines. Alle jierren wurde der tsientallen miljoenen oaljekoeken iten yn ús lân. Hast de helte fan dit oantal wurdt makke yn masines dy troch dit bedriuw makke binne.
De kwaliteit fan de oaljekoeken liket ek goed te wêzen. De fjouwer oaljekoekbakkers dy't it bêste út de test fan it Algemien Deiblêd komme, wurde neffens V-technology bakt yn har masines.