Hyves populêrst yn Fryslân

webside Hyves
Sosjale netwurksite Hyves is it populêrst yn Fryslân. It berik fan 'e site leit yn Fryslân tusken de 60 en 64 persint. Dat docht bliken út ûndersyk fan ûndersyksburo STIR.
Nettsjinsteande de resultaten binne der noch gjin plannen om Hyves yn it Frysk út te bringen. Wurdfierster Rebecca Rijnders seit dat dêr út de Fryske mienskip wei noch gjin fraach nei is.