Wurkstraf fertochte Smedema

29 des 2011 - 15:26

In Damwâldster dy't earder frijsprutsen waard fan belutsenheid by de dea fan Redmar Smedema is foar in oare saak feroardiele ta 80 oeren wurkstraf. De man waard nei de saak wikenlang troch in famke útskolden foar moardner. Doe't er har dêr op it doarpsfeest yn Damwâld op oanspruts kaam it ta slaanderij.

De Damwâldster mishannele dêrby de freon fan it famke. As er syn wurkstraf net docht moat er 40 dagen de sel yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)