7 man oppakt by himpkwekerij

29 des 2011 - 15:02

By in himpplantaazje yn Hurdegaryp binne 7 minsken oanhâlden. Yn in leechsteande pleats stiene 3000 planten. It giet neffens de plysje om in profesjonele plantaazje dêr't saneamde Deenske kweekbêden brûkt wurde. De pleats stie leech en der is ynbrutsen om de plantaazje te begjinnen. Dêrby is ek it alarm útskeakele. De plantaazje hat der sa'n trije à fjouwer moanne sitten. De fertochten binne noch net oan handel takommen. De ferkeapwearde fan 'e himp is 700.000 euro.

De plysje kaam de himpplantaazje op it spoar troch in tip oer in stellen auto. Dy gie nei de pleats om in lading op te heljen.

In bestjoerder en in ynsitter fan de auto binne arrestearre, krekt lykas de fiif minsken dy't yn de pleats oan it wurk wiene.

Trefwurden: 
himpkwekerij Hurdegaryp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)