Oanpak loverboys nedich

29 des 2011 - 12:35

Opfangorganisaasje Fier Fryslân wol dat helpferlieners mear belutsen wurde by it opspoaren fan minskehannelers. De minister wol de kommende jierren twa kear safolle minskehannelers en loverboys oppakke. Yn in brief oan minister Opstelten fan Justysje freget Fier Fryslân om har wurkwize oer te nimmen.

Yn Fryslân is in provinsjaal protokol mei plysje. De helpferlieners steapelje ferklearrings fan slachtoffers op en dogge dan sels oanjefte tsjin de loverboy, omdat famkes faak net doarre.

Dy metoade kinne oare helpferliners ek brûke, mar dit bart net omdat se benaud binne om de fertrouwensbân mei de kliïnt te skeinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)