Fytser krijt klap tsjin holle

29 des 2011 - 10:59

In 16-jierrige fytser is woansdei troch in lulke autobestjoerder tsjin de holle slein. De jonge fytste yn Ljouwert op De Skrâns doe't er útwike moast foar in hurd ridende automobilist yn in grize Audi A4. Ek oare fytsers koene mar krekt fuortkomme. De jonge makke dúdlik dat er it rydgedrach net wurdearje koe. De automobilist stapte doe út, sloech him tsjin de holle en naaide dêrnei út.

De plysje is op syk nei dy man fan 30 oant 45 jier. Hy hat griis hier en is tusken de 1.80 en 1.95 lang.

Trefwurden: 
fytser
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)