Wettertaksy fêstrûn by Skier

De fjoertoer fan Skiermûntseach © ANP
Wettertaksy ''De Kluut'' is woansdeitemiddei fêstrûn by Skiermûntseach. De taksy rekke de grûn yn de fargeul yn de omjouwing fan De Glinder. De boat koe dêrnei net mear fuortkomme.
Twa boaten fan de KNRM moasten helpe om de boat los te krijen. Oan board wiene twa bemanningsleden en gjin passazjiers.