Tinner yn rioel Dronryp
Yn Dronryp is woansdeitejûn tinner yn it rioel by Bedrijven Centrum Dronrijp bedarre. In man dy't boppe it bedriuw wennet krige problemen mei sykheljen. Hy hat soerstof krigen fan in meiwurker fan de ambulânse.
Tinner rûkt smoarch en as je it ynazemje kinne je út de tiid reitsje. Hoe't it guod yn it rioel bedarre is, is net bekend. De brânwacht út Menaam ûndersiket dat.