Himpkwekerijen ûntdutsen

28 des 2011 - 10:41

De plysje hat tiisdei yn de provinsje twa himpkwekerijen ûntmantele. Yn in wente oan de Wyldsang yn Drachten stiene 151 planten. De stroom foar de kwekerij waard yllegaal ôftape. Al it guod is yn beslach naam.

Yn de Diepenbrockstrjitte yn Ljouwert kaam in himpkwekerij oan it ljocht nei in melding oer wetteroerlêst. Ferskate ûnderbuorlju hiene de plysje belle omdat der wetter út it plafond kaam. De plysje hat de doar iepenbrutsen om deryn te kommen. Yn de sliepkeamers waard de kwekerij fûn. It wetterliedingbedriuw hat it wetter ôfsluten. De bewenner sil heard wurde.

De bewenner wie net thús, mar sil ynkoarten heard wurde.

Trefwurden: 
himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)