Graffityspuiterkes (13) oppakt
Twa jonkjes fan trettjin jier út Wolvegea binne tiisdeimiddei op de Hoofdwei oanhâlden op fertinking fan fernielerij. De jonges waarden trapearre doe't se mei spuitbussen oan 'e gong wiene by in fiadukt.
It duo is meinaam nei it buro, dêr't harren âlden ek kamen. Nei ferhear is proses-ferbaal opmakke. De spuitbussen binne yn beslach naam.