Oanhâlding foar geweld

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdeitemoarn yn Drachten fjouwer ynwenners fan dat plak en ien út Easterwâlde oanhâlden op fertinking fan iepenlik geweld. De fiif waarden oanhâlden neidat in man út Zwolle by de plysje melden hie dat er skopt en slein wie troch de fiif fertochten. Se hiene ek syn beurs en telefoan stellen.
De man út Zwolle wie ferwûne. Hy is troch de plysje nei it sikehús brocht. Nei behanneling koe er wer nei hús. De fiif fertochten binne meinaam nei it plysjeburo foar ferhear.