Fjoerwurkfangst yn Ljouwert

28 des 2011 - 00:06

De plysje hat tiisdeitejûn 400 kilo fjoerwurk yn beslach naam. It giet om in partij yllegaal fjoerwurk mei ûnder oare nitraatbommen en lawinepylken. Der wie ek legaal sierfjoerwurk, mar mear as dat tastien is sûnder fergunning.

It fjoerwurk lei opslein yn in loads op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert. In man út Ljouwert is oanhâlden.

Trefwurden: 
plysje yllegaal fjoerwurk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)