Huizenga wint NK achterfolging

Hurdfytser Jenning Huizenga is yn Apeldoorn Nederlânsk kampioen op de yndividuele achterfolging wurden. De âld-ynwenner fan Frjentsjer sette yn de kwalifikaasje fierwei de rapste tiid del. Yn de finale heakke syn tsjinstanner Levi Heimans troch sykte ôf. Yn 2007 wie de Fryske hurdfytser ek de bêste fan Nederlân, yn 2008 waard er sels twadde op it WK yn Manchester. Troch sykte wie Huizenga dêrnei krapoan twa jier út rûlaasje.
Jenning Huizenga rydt no noch foar it Ubbink-Koga Cycling Team. Yn it nije jier komt er út foar it kontinintale team fan de Rabobank. By syn nije ploech sil er oant ein juny folslein op 'e dyk ride. Dêrnei begjint de koarte tarieding op de Olympyske Spelen yn Londen mei de nasjonale achterfolgingsploech. Teminsten as de rapste man fan Nederlân op de achterfolging selektearre wurdt.