Brân yn loads It Hearrenfean
By in brân oan de Nieuwburen yn it sintrum fan It Hearrenfean is tiisdei in loads skansearre rekke. Yn de loads waard wurke oan in auto. Hjir is mooglik ek de brân ûntstien.
Ien fan de omstanners waard net goed en moast nei it sikehûs brocht wurde. By de brân sels rekke net ien ferwûne.