Huldiging Cambuur: 19.15 oere

06 maaie 2013 - 13:32

De huldiging fan Cambuur begjint moandeitejûn om 19.15 oere. It wie it doel dat de festiviteiten foar de promovearjende fuotbalklup om 19.00 oere begjinne soene, mar dat wurdt letter omdat de spilers noch út Arnhem weikomme moatte fanwege ferplichtings dêr.

It Aldehoustertsjerkhôf, dêr't de huldiging plakfynt, giet wol gewoan om 18.00 oere iepen foar it publyk. Omrop Fryslân stjoert de huldiging fan de Cambuurspilers live út op radio en TV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)