Poppemolke min te krijen

Poppemolke is min te krijen yn 'e Fryske supermerken. De fraach út Sina is grut en dêrom is hjir in tekoart. It gefolch is faak lege poppemolk-skappen, net allinnich yn 'e supermerk, mar ek yn 'e drogist.
Moandei is der oerlis tusken produsinten fan 'e poppemolke en de ferkeapers. Dan wurdt praat oer in mooglik bonnesysteem. Yn supermerk C1000 yn Damwâld is ek hast gjin poeier foar poppemolke te krijen. Se bestelle it wol, mar it komt net. Supermerkmanager Johan Postma wol net dat klanten mear as ien bus meinimme.
Foar Postma is it ûndúdlik wannear't de poppemolke wol wer goed te krijen is.