Rintje Ritsma wer op it iis

Rintje Ritsma komt werom yn it reedriden. De Lemster, dy't seis kear Europeesk kampioen waard en fjouwer kear de bêste fan de wrâld wie, is trainer wurden fan it gewest Fryslân fan it reedridersbûn. Ritsma sil mei Jan Ykema, yn 1988 winner fan Olympysk sulver op de 500 meter, en CIOS-dosint Arjen Wolters de riders en rydsters ûnder hannen nimme. Foar Ritsma en Ykema is it ek in part fan de oplieding om diplomearre reedrydtrainer te wurden.
Ritsma, hjoed-de-dei ek motorracer, hat in protte nocht om mei it Fryske talint oan 'e slach te gean.