95.000 besikers op festival

It Befrijingsfestival yn Ljouwert hat snein tusken de 90.000 en 95.000 minsken lutsen. Ferline jier wiene dat der 80.000. Neffens de organisaasje is it grutte oantal besikers ûnder oare te ferklearjen troch it moaie waar en it feit dat de fiering fan de Befrijingsdei dit jier op in snein foel.
Op ferskate poadia yn de binnenstêd fan Ljouwert wiene optredens fan bands. Foaral Miss Montreal en Go Back to the Zoo lutsen in soad folk.