Plattèl winneres Liet 2013

05 maaie 2013 - 19:26

Friezinne om utens Plattèl is de snein de winneres wurden fan Liet 2013 mei it nûmer 'Hjir bin ik'. De sjongeres út Rotterdam krige yn in folle Prinsetún fan fjouwer fan de fiif sjueryleden it maksimum fan 12 punten. Plattèl mei letter dit jier Fryslân fertsjintwurdigje op Liet International op Korsika. 

De Ivan Pelpublykspriis gie nei it duo Grytz en Grize mei it liet 'Bliuw by my'.  De folsleine útslach fan Liet 2013: 1. Plattèl, 2. Gerben Boots & band, 3. Grytz en Grize.

, 4. GeDoBr, 5. Sietze, Kopersaks en Annie, 6. Blanco, 7. Sa, 8. Bruno Rummler, 9. Sebeare, 10. Helder.

Trefwurden: 
Liet sjongfestival Plattèl
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)