Needlâning sportfleantúchje

05 maaie 2013 - 15:48

In sportfleantúchje dat yn Drachten de loft yngien wie, hat sneintemiddei in needlâning makke yn Grinslân. De piloat sette it tastel oan 'e grûn yn in stik greide by Gruttegast. Nei alle gedachten hie er maleur mei de motor.

By de lâning is it tsjil ûnder de noas fan it ienmotoarige fleantúchje ôfbrutsen. Der rekke gjinien ferwûne by it ûngelok.

Trefwurden: 
fleantúch needlâning
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)