Kramer wint yn Oranjewâld
Maratonrinster Mariska Kramer fan Drachten hat sneon de 10 Ingelske milen tellende Ronde fan Oranjewâld wûn. Kramer wist de wedstriid te winnen foar Lionitas klupgenoates Immy Auck Kersbergen en Yvonne Kassenberg.
By de manlju gong de winst nei Riekele Kobes fan Aldehaske, dy't krekt wat rapper wie as Jan Venhuizen út Bovensmilde.