Gesellich Befrijingsfestival

05 maaie 2013 - 14:49

It moaie waar lûkt in protte minsken nei it Befrijingsfestival yn Ljouwert. Op ferskate poadia yn de stêd is live-muzyk te sjen. It haadpoadium by de Aldehou giet it langste troch mei as lêste om healwei tsienen Go Back To The Zoo. By it Noardewynpoadium fan Omrop Fryslân is it ek gesellich drok. Dêr binne optredens fan ûnder oare Johannes Rypma en de Doelleazen. De optredens binne live te folgjen op Omrop Fryslân Deitelevyzje.

Yn de Prinsetún is de finale fan it Lietfestival. De winner mei nei Liet Ynternasjonaal, dit jier op Korsika.

Trefwurden: 
Befrijingsfestival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)