Undersyk nei dea asylsiker

05 maaie 2013 - 13:32

De plysje hat de help fan it publyk ynroppen by ûdnersyk nei de dea fan in asylsiker dy't yn Burgum sitten hat. Mostafa Talaie (43) út Iran waard op 18 febrewaris dit jier yn Oisterwijk fermoarde krekt neidat er nei tolve jier in ferbliuwsfergunning krige hie. Dyselde dei hat de man yn Burgum en Ljouwert west. De Iraniër kaam by syn ferbiuw yn Burgum geregeld yn de grifformeard frijmakke tsjerke. Hy siet dêr op Bibelstúdzje en liet him letter yn Eindhoven bekeare ta it Kristendom.

De mysterieuze moard hat yn Opsporing Verzocht west, mar dat hat net folle opsmiten. Talaie hie konneksjes yn Ingelân. Mooglik hat dat wat mei de saak te krijen. Minsken dy't wat tinke te witten oer de oarsaak en de reden fan syn dea, kinne belje mei de plysje. Alle ynformaasje is nei te lêzen op www.politie.nl

Trefwurden: 
asylsiker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)