Djuricic spiler fan it jier

Filip Djuricic © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Filip Djuricic is útroppen ta spiler fan it jier troch de fans fan SC Hearrenfean. Dat is snein bekend wurden. De 21-jierrige Serviër kaam as jong talint by SC Hearrenfean. Hy wurdt ek wol 'de Cruijff fan de Balkan' neamd.
Djuricic is dwaande mei syn fjirde seizoen by Hearrenfean. Hy giet fan 't simmer nei syn grutte dream it Portugeeske Benfica. Dy klup komt út yn de Europa League.