Fertochten mishanneling oppakt

05 maaie 2013 - 10:19

De plysje hat sneontenacht in ynwenner (18) fan Snits oppakt omdat er fertocht wurdt fan mishanneling. De jonge soe yn de Kruizebroederstrjitte yn syn wenplak in man (21) út Den Bosch mishannele hawwe. De twa hiene earder al rûzje yn in hoarekagelegenheid yn de strjitte.

Ek op it Hearrenfean hat de plysje sneontenacht in fertochte fan in mishanneling oanhâlden. It giet om in ynwenner (18) fan it plak. Dy soe op it Gemeenteplein in plakgenoat (21) mishannele hawwe. Yn beide gefallen binne de fertochten fêstset op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)