Befrijingsfjoer hast hjir

De tocht fan de hurdrinners dy't it befrijingsfjoer fan Wageningen nei Ljouwert bringe giet sa goed, dat se earder oankomme as ferwachte wie. Doel wie om om alve oere oan te kommen, dat wurdt hast in oere earder. It moaie waar makket de tocht der makliker op.
Meielkoar binne 36 rinners ûnderweis, dy rinne elk in tal kearen tweintich minuten mei it fjoer. Spesjale gast is rolstuoller Magan Tahir, dy't slachtoffer is fan oarlochsgeweld yn Somalië. It befrijingsfjoer wurdt om ien oere brûkt om it Frysk befrijingsfestival mei te iepenjen.
It is foar de 17e kear dat de Ljouwerters it fjoer fan Wageningen nei har wenplak bringe. It fjoer wurdt nachts om tolve oere oanstutsen op it 5 maaie-plein yn Wageningen. Dêrnei wurdt it nei 60 plakken yn Nederlân brocht.