Sandor hat gouden fuotbaldagen

04 maaie 2013 - 17:46

Sandor van der Heide belibbe twa gouden fuotbaldagen. As assistint-trainer fan Cambuur waard er freed kampioen, in dei letter die er as spiler en ek as assistint-trainer mei ONS itselde. Takom seizoen mei Cambuur yn de earedivyzje en mei ONS Boso Snits yn de topklasse, moaier kin net. Foar botsende belangen is Van der Heide net bang. As beide ploegen takom seizoen op sneon spylje moatte, sil er de fuotbalskuon foar ONS oanlûke. Dat is ôfpraat en stiet yn syn kontrakt. ONS-foarsitter Harm de Wagt is it dêr folslein mei iens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)