300 Sms'kes foar Henk de Jong

04 maaie 2013 - 17:10

Cambuurtrainer Henk de Jong krige nei it kampioenskip fan Cambuur mear as 300 sms'kes mei felisitaasjes. De kommende wiken sil De Jong mei de technyske stêf om tafel om de organisaasje del te setten foar it nije seizoen yn de earedivyzje. Sa wol Cambuur in tal spilers mei ûnderfining yn de earedivyzje fêstlizze.

De Jong is noch net sa lang trainer fan Cambuur. Hy naam de lêste wedstriden fan it seizoen oer fan Alfons Arts.

De Jong wie sneon te finen by de kampioenswedstriid fan 'syn âlde leafde' Drachtster Boys. Hy hat dêr earder spiler en trainer west. De Drachtster klup waard sneon kampioen yn de earste klasse fan it sneonsamateurfuotbal. Dêrmei gean se oer nei de haadklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)