Pinksterfeest op oar plak

© Omrop Fryslân, Dirk Baron
It Pinksterfeest yn Wynjewâld wurdt dit jier op in oare plak hâlden. It nije plak is in terrein oan 'e Ald Duerswâld, dat beskikber steld is troch in partikulier. De organisaasje set buorden del om besikers nei it nije plak te bringen. It begjint op freed 17 maaie en duorret oant en mei Twadde Pinksterdei. It tema is dizze kear Kleurje dyn libben.
It Pinksterfeest betiet al sûnt de jierren '80.