Bunker Koehoal wer iepen

De Dútske bunker by Koehoal is sneon en snein wer iepen foar publyk. De bunker is ynrjochte mei oarlochsguod út de Twadde Wrâldoarloch dat ynbrocht is troch bewenners út de omkriten fan Tsjummearum. Boppe-op de bunker stie yn de oarloch in kanon dat besocht Ingelske fleanmasines del te heljen.
Der wienen yn dy tiid folle mear bunkers, mar dy binne nei de oarloch opromme. Twa jier ferlyn is de bunker oerdroegen oan de Stifting Behâld Bunker Koehoal en restorearre.