Kanadees by deadebetinking

04 maaie 2013 - 11:44

Yn Harns wurdt de deadebetinking bywenne troch ien fan de Kanadezen dy't de stêd holpen hawwe te befrijen. Boyd Affleck (87) is foar de tredde kear yn Harns foar de spesjale dagen. By de 50e betinking fan de befrijing yn 1995 waarden tweintich feteranen nei Harns helle om de betinking en it feest mei te fieren. Hy kaam by de famylje De Vries terjochte en se hâlden kontakt.

Affleck wie 19 jier doe't er as stjittroeper nei Nederlân kaam. Hy wie belutsen by gefjochten yn it hiele Noarden, oant Zwolle en Deventer ta.

Trefwurden: 
Harns feteraan Boyd Affleck
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)