Iepen dagen werf skip Barentsz

27 des 2011 - 16:22

It ekspedysjeskip fan Willem Barentsz dat yn Harns neiboud wurdt, is dizze dagen foar publyk te sjen. Der wurdt al mear as in jier oan it skip wurke. Alhoewol't de bou stilleit, kinne belangstellenden op de Harnzer werf sjen. Inisjatyfnimmer is Gerald de Weerdt, dy't ûnderfining hat mei de bou fan histoaryske skippen.It ekspedysjeskip fan Willem Barentsz is no ek yn de bioskoop te sjen yn de film Nova Zembla mei it Fryske model Doutzen Kroes. Fan it skip fan Willem Barentsz binne gjin boutekenings. Yn dy tiid waarden skippen op it each boud en dat moatte de bouwers fan no ek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)