Gambiaan noch hieltyd poater

27 des 2011 - 16:15

Der is noch altyd gjin spoar fan Samuel Charley (40). De Gambiaan wie op útnoeging fan Bonne Bergsma yn Burgum, mar ferdwûn twa wike lyn ynienen. Bergsma wol eins net leauwe dat syn gast samar útnaaid is, mar hy krijt hieltyd mear twifels oer de betrouberheid fan de Afrikaan.

Tegearre mei syn partner docht de Burgumer ûntwikkelingswurk yn Gambia. Se stypje ûnder oare kreamkliniken en húshâldings. Sa no en dan noegje se in ynwenner fan it lân út om hjir ris te sjen. Sam, dy't in frou, in bern en in fêste baan as kok yn in hotel hat, wie de tredde dy't hjir hinne helle waard. Bergsma stiet foar 10.000 euro garant foar Sam en betelle ek al syn ticket hjirhinne. Mei Sam syn frou is geregeld mailkontakt. Sy sit no ek flink yn 'e problemen.

Utsein wat geruchten is de ferdwining noch hieltyd in mystearje. It plysjeûndersyk sit op in dea spoar. Dochs giet Bergsma yn febrewaris gewoan wer rjochting Gambia om de minsken dêr te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)