Cambuur is kampioen

03 maaie 2013 - 22:00

Sportklup Cambuur keart nei 13 jier werom yn de earedivyzje. De Ljouwerters wûnen de lêste kompetysjewedstrid yn de Jupiler League yn Rotterdam tsjin Excelsior mei 2-0. Omdat koprinner Volendam by Go Ahead Eagles yn Deventer mei 3-1 ferlear, einige Cambuur mei ien punt foarsprong op de Noard-Hollanners. Cambuur keart no nei de degradaasje yn 2000 werom op it heechste nivo fan Nederlân. Erik Bakker en Adnane Tighadouini skoarden yn Rotterdam foar Cambuur. It is pas de twadde kear yn de skiednis dat Cambuur kampioen wurdt.

Earder barde dat yn it seizoen 1991/1992.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)