Ferwûne by ûngelok Wâldwei
In automobiliste fan 52 jier út Drachten is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Wâldwei by har wenplak. De frou rekke met de tsjillen yn de berm. Neidat se bystjoerde, slingere se oer de dyk en fleach in tal kearen oer de kop.
De frou moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Se is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.