Mear fjoerwurkoertredings
It tal meldings by buro Halt is dit jier yn Fryslân trije kear heger as ferline jier. Mei-inoar waarden tusken 1 oktober en 27 desimber sa'n 21 jongeren nei it buro trochferwiisd. Ferline jier wiene dat noch sân. Benammen yn Snits en op It Hearrenfean is in taname te sjen yn it oantal trochferwizings. Neffens Halt komt dat fral troch de mylde temperatueren en it omtinken dat der is foar yllegaal fjoerwurk.
Minsken soene oertredings earder melde. Mei-inoar binne yn it Noarden oant no ta 68 jongeren nei Halt trochferwiisd.