50 fans swaaie Cambuur út

03 maaie 2013 - 15:58

Mear as fyftich Cambuursupporters wiene freedtemiddei nei it stadion kaam om de spilers út te swaaien by it begjin fan harren busreis nei Rotterdam. De Ljouwerters kinne freedtejûn kampioen wurde yn Rotterdam, mar dan moat Volendam wol ferlieze fan Go Ahead Eagles. De spilers wiene wiis mei de ekstra support.

Hearrenfean-trainer Marco van Basten sei freed dat hy de kampioensstriid yn de Jupiler League mei belangstelling folget. Hy soe wol nocht hawwe oan in derby tsjin Cambuur yn it kommende seizoen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)