Deade otter by Lauwersmar

03 maaie 2013 - 15:44

Foar it earst is der in otter sjoen by de Lauwersmar. It sneue is wol dat it om in deade otter giet. It bist is oanriden by Dokkumer Nije Silen en is freedtemoarn fûn. By natoerbehearder Steatsboskbehear fan Nasjonaal Park Lauwersmar binne sy bliid dat de otter it gebiet berikt hat, al binne sy der net wiis mei dat it bist dea is.

Der waard al grute dat der otterspoaren sjoen wiene, mar gjinien fan Steatsboskbehear koe dat oant no ta befestigje. De deade otter wie in mantsje fan twa oant trije jier âld. Dy swalkje op syk nei in wyfke.

Dêrom wurde yn ferhâlding mear otters fan dizze leeftyd deariden. De deade otter wurdt foar ûndersyk opstjoerd nei de Wageningen Universiteit. Dêr besykje sy ûnder mear út te finen wêr't de otter weikaam is.

Trefwurden: 
otter Lauwersmar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)